Scherjon pakt titel Bûtenpost

Hannes Scherjon (foto: Martin de Jong)
Fierljepper Hannes_Scherjon fan Noardburgum hat woansdei yn Bûtenpost syn earste wedstriid fan it seizoen wûn. Mei in sprong fan 19.26 meter sette er boppedat de fierste ôfstân fan dit jier oant no ta del. Bart Helmholt waard twadde mei 18.92 meter. Tredde wie Oane_Galama mei 18.47 meter.
De winst by de junioaren gie nei Alwin Fonk. Hy sprong 17.54 meter. By de froulju wie Anne_Jet_Leyenaar de bêste mei 14.44. By de jonges wûn Folkert Heida mei 16.08, in persoanlik rekord.