Pleats fan 2008 yn Dronryp

Wim en Titia_Noordmans fan Dronryp hawwe de Pleats fan it Jier 2008. Dat hat de sjuery fan de ferkiezing unanym besletten. Se ha wûn omdat se it oarspronklike en histoaryske karakter fan it boerehiem hersteld ha.
De ferkiezing fan ´e Pleats fan it Jier is foar it lêst omdat der te min oanmeldings binne. Dit jier wiene it der tsien en dat is te min om dermei troch te gean, neffens inisjatyfnimmer de Boerderijenstichting. De famylje Juckema fan Easterbierrum waard twadde.