Vinea wol mear bern berikke

04 jun 2008 - 21:15

Sylskoalle Vinea yn Snits sil de syl- en surflessen radikaal omgoaie. De nije metoade hjit ZiN en is ferline jier al op 12 sylskoallen testen, ek yn Snits. De metoade foldocht sa goed dat alle Vineaskoallen der mei wurkje sille.

Begjinners sille by de nije metoade folle gauwer wedstriidsilen en navigearjen learen. ZiN slút neffens Vinea folle better oan by de jongeren fan dizze tiid as de âlde manier fan lesjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)