Friesland Foods fergoedet skea
Suvelkoöperaasje Friesland_Foods sil de skea foar it net opheljen fan molke fergoedzje. Dat hat it bedriuw woansdei bekendmakke. It ôfrûne wykein koe troch de blokkades fan sân produksjebedriuwen 1 miljoen liter molke net ophelle wurde. It gefolch wie dat 212 boeren de molke rinne litte moasten.
Friesland_Foods sil dy molke no fergoedzje. It bedriuw betellet oars allinnich molke dy't levere wurdt, mar makket yn dit gefal in útsûndering.