Mei in buskaart mei de trein

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it fuortset ûnderwiis dy´t eksamen of hereksamen dogge, kinne de hiele eksamenperioade mei in busabonnemint mei de trein reizgje. Ferfiersbedriuw Arriva wol de learlingen dy´t lest hawwe fan de busstakings sa temjitte komme.
"It sil troch dizze aksje wol drokker wurde yn de treinen, mar we wolle de eksamenkandidaten graach helpe", seit in wurdfierdster fan Arriva. Ferfier fan en nei de stasjons moatte de learlingen wol sels regelje.