Krintsjebrij giet út ´e hannel

Bessola krintsjebrij
Friesche_Vlag hâldt meikoarten op mei it meitsjen fan Bessola, better bekend as krintsjebrij. It neigerjocht fan grôt, rezinen, krinten en beisop waard yn it ferline in soad ferkocht.
Friesche_Vlag hâldt no lykwols op mei it meitsjen fan it neigesetsje, omdat it hjoeddedei te min ferkocht wurdt. De lêste jierren waard krintsjebrij allinnich noch yn de Noardlike provinsjes ferkocht. Krintsjebrij stiet ek wol bekend as gezondheidsbrij of rezyntsjebrij.