P10: lobby plattelânsgemeenten

© Omrop Fryslân
Tsien plattelânsgemeenten hawwe de krêften bondele om by it kabinet mear jild te freegjen foar de spesifike problemen op it plattelân. Ut Fryslân binne Opsterlân en Eaststellingwerf by de P10-gemeenten oansluten. Se fine dat it kabinet him tefolle op de problemen fan de grutte stêden rjochtet troch miljarden te stekken yn ´e saneamde probleemwiken.
Neffens de P10 -gemeenten hat it plattelân ferlet fan mear jild foar skoallen, swimbaden en de brânwacht.