Igli-fertochte fêst foar drugs

Plysje kaam de drugshannel op it spoar
De Ljouwerter (47) dy´t as fertochte fêstsitten hat yn de saak-Igli, is oanhâlden op fertinking fan hannel yn kokaine. By it ûndersyk nei de moard op hoareka-ûndernimmer Tevfik_Igli, kaam de plysje de drugshannel op it spoar. De man is 23 maaie oppakt.
Ek in oare Ljouwerter (19), dy´t de drugs trochferkocht, sit fêst. Beide manlju waarden mei seis klanten op ´e die betrape by haadfertochte thús. Ek de klanten binne oanhâlden.