Mear oerlêst fan wynturbines

04 jun 2008 - 10:11

Wynturbines yn Fryslân soargje foar folle mear oerlêst by omwenners as ferwachte. Dat docht bliken út ûndersyk fan ´e Ryksuniversiteit Grins en sikehûs UMCG yn Grins.

De ûndersikers hawwe omwenners fan sa´n 1200 grutte wynturbines fan 0,5 megawatt ûnderfrege. Hast 500 fan dy turbines stean yn Fryslân. Bewenners oant in ôfstân fan 2,5 kilometer fan sa´n turbine sizze lêst te hawwen fan it leven dat de wjukken meitsje. It ûndersyk giet nei de Europeeske_Uny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)