Wetterkrobbe kostet miljoenen

It Polderhoofdkanaal by Nij Beets
It wurk oan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets kostet de provinsje en de belutsen gemeenten 5,5 miljoen euro. Twa miljoen is needsaaklik omdat de subsydzje dy't foar it projekt oanfrege wie, fuortfallen is. De rest is nedich foar oare oanpassings.
Ek as it befarber meitsjen fan de rûte net trochgiet, kostet dat 5,5 miljoen euro. It wurk oan it kanaal is begjin dit jier stillein, ûnder oare fanwege de oanwêzigens fan ´e beskerme streepte wetterrôfkrobbe.