Carpoole foar berikbere stêd

03 jun 2008 - 23:29

Stadiger ride op de rûnwei fan Ljouwert en grutte carpoolplakken by de râne fan de stêd binne de bêste middels om it sintrum fan de stêd berikber te hâlden. Dat kaam tiisdei nei foaren by in diskusje oer de berikberheid fan de haadstêd. It is mar de fraach oft de nije diken as de Heak om Ljouwert en in akwadukt op it plak fan de Drachtster brêge wol helpe sille. Saakkundigen warskôgen ek dat in goed berikbere stêd noch mear autoferkear oanlûke sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)