Hegere belesting Dongeradiel

03 jun 2008 - 20:26

Dongeradiel ferheget de kommende jierren de ûnreplik saakbelesting foar partikulieren. De gemeente stiet der finansjeel net goed foar, ek al is der de lèste jierren al in soad besunige.

De ferheging is needsaaklik foar ûnderhâld en ynfestearingen. Dêrom wurdt ek it parkearen djoerder makke. Neist de kostenferhegingen oerwaget Dongeradiel ek om de oandielen yn enerzybedriuw Eneco en kabelbedriuw Kabel Noord te ferkeapjen

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)