Foarearst gjin aksjes truckers

03 jun 2008 - 17:01

Frachtweinsjauffeurs yn Fryslân, mar ek yn de rest fan Nederlân, hâlde foarearst gjin nije aksjes fanwege de hege diselprizen. Brânzje-organisaasje Transport_en_Logistyk_Nederlân wol earst mei premier Balkenende en fertsjintwurdigers fan ministearjes prate. Dêr is lykwols noch gjin reaksje op kaam.

De sjauffeurs hâlden ferline wike in toeteraksje as protest tsjin de hege diselprizen. De druk om mear aksjes wurdt wol hieltyd grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)