Dokters mei apoteek faai

Dokter Reininga fan Marrum
Húsartsen mei in apoteek driigje fan it Fryske plattelân te ferdwinen. Om´t se no folle minder fertsjinje oan ´e medisinen en ek it oerheidshonorarium oan ´e lege kant is, kinne sa kwalik de holle boppe wetter hâlde. Pasjinten wurde dêr de dupe fan, om´t guon medisinen net mear leverber binne. Soarchferserkerders fergoedzje sûnt 1 juny allinnich de goedkeapste medisinen. De fabrikanten dy´t dy medisinen leverje, kinne de fraach net oan.