Van der Heide net nei Drachten

03 jun 2008 - 15:01

Wjerljochtbefeiliger Van_der_Heide fan Kollum ferhuzet net nei Drachten. Earder makke it bedriuw de plannen foar Drachten bekend, mar no´t Van der Heide oernaam is troch Oranjewoud giet dat foarearst net troch.

It bedriuw makket earst gebrûk fan ´e romte dy´t it kantoar fan Oranjewoud oer hat. Mocht dat te krap wurde, dan tinkt Van der Heide oan ferhuzing nei It Hearrenfean ynstee fan Drachten. Oranjewoud sit ek op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)