Undernimmers wiis mei Snits

© Omrop Fryslân
Undernimmers begjinne graach in bedriuw yn Snits. Dat is de útkomst fan in enkête fan 'e rekkenkeamer fan de gemeente Snits. Undernimmers binne benammen tefreden oer de romte foar in nij bedriuw. Se binne ek wiis mei foarsjennings lykas skoallen, winkels en it sikehûs.
Wol binne der te min minsken mei in middelbere en hegere oplieding en mei in technyske achtergrûn. De gemeente wurket al mei skoallen en bedriuwen oan it opsetten fan mear learplakken.