Mooglik rjochtsaak busstaking

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân stapt mooglik nei de rjochter as de staking fan de bussjauffeurs noch lang duorret. Sûnt snein stake de sjauffeurs foar ûnbepaalde tiid. It giet om de sjauffeurs fan Arriva Súdeast-Fryslân, dy fan Connexxion yn Ljouwert en de Interlinerriders yn Boalsert en op 'e Jouwer. Sûnt maaie binne der aksjes foar in bettere cao. De provinsje twifelt oan it nut fan 'e aksjes no't it ferfier op guon plakken lân folslein stilleit.