Lauwerspas is populêr

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen meitsje hieltyd faker gebrûk fan 'e Lauwerspas. Dat is in foardielpas foar ynwenners fan Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân dy't koarting jout by ûnder oare winkels, restaurants en kursussen.
Achtkarspelen docht sûnt twa jier mei oan 'e Lauwerspas. Yn 2006 waard der net in soad gebrûk fan makke. Ferline jier brûkten mear as 500 minsken de pas.