Hurdrider op Lauwersseewei

03 jun 2008 - 10:15

In 37-jierrige automobilist út Dokkum is moandeitejûn syn rydbewiis kwytrekke nei´t er 78 kilometer te hurd ried op de Lauwersseewei by Rinsumageast. De man riedt 178 kilometer yn ´e oere op de dyk, wylst dêr net mear as 100 tastien is.

By in blaastest die bliken dat de man ek noch te folle alkohol hân hie. De man hat in rydferbod fan sân oeren krige en syn auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)