Tichelaar wer oan it wurk

03 jun 2008 - 06:20
  • Jacques Tichelaar

Jacques_Tichelaar fan Oranjewâld pakt mei alle wille syn wurk as Twadde- Keamerlid fan ´e PvdA wer op. Dêrneist is er der ek fan oertsjûge dat it kabinet fan CDA, PvdA en de ChristenUnie de folsleine perioade fan fjouwer jier útsitte sil.

Tichelaar begjint tiisdei wer yn Den_Haach, nei´t er fiif moanne fuortwest hat fanwege in swiere hertoperaasje. Hy krige yn totaal sân by-passes en moast dêrtroch ophâlde as PvdA-fraksjefoarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)