Opnij staking yn busferfier

Opnij staakt it streekferfier
Der wurdt tiisdei opnij staakt troch de bussjauffeurs yn it streekferfier. It giet dan om de sjauffeurs fan Arriva yn súdeast-Fryslân, fan Connexxion yn Ljouwert en de Interlinersjauffeurs yn Boalsert en de Jouwer.
De ferfiersbedriuwen diene moandeitejûn in oanpast leanbod, it tredde bod yn in moanne tiid. De fakbûnen fine ek dit nijste bod net genôch. Al sûnt begjin maaie fiere de bussjauffeurs foar in bettere cao.