Degradaasje 1e divyzje mooglik

© Omrop Fryslân
Earstedivyzjeclubs kinne mei yngong fan takom seizoen degradearje nei de amateurs. Promoasje út de amateurs nei de earste divyzje is ynearsten noch net mooglik. Yn it seizoen 2009/2010 moat it tal clubs yn de earste divyzje werombrocht wurde fan 20 nei 16. Dat is besletten op in gearkomste fan it betelle fuotbal yn Zeist.
Cambuurdirekteur Alex Pama is foarsichtich posityf oer it beslút. Hy is net bang foar degradaasje.