Trije stjerren foar De Vlecke

02 jun 2008 - 17:59
  • De Vlecke (foto Martin de Jong)

Ferpleechhûs De_Vlecke op De Jouwer hat trije stjerren krigen fan de saneamde Sterrengids 2008. Yn dizze gids wurdt it iten yn de ferskate soarchynstellings yn Nederlân besjoen.

De_Vlecke die it by dizze test hiel goed. Benammen op de sfearfolle ynrjochting en it iten sels helle it Jouster ferpleechhûs in soad punten. Ek de oare fasiliteiten binne neffens de gids dik yn oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)