Bysûnder skip Lemster sylfloat

© Omrop Fryslân
De Lemster sylfloat hat der in bysûnder skip by: De Morgenster. It is in saneamde sylbrik út 1918, dy´t restaurearre is. De Morgenster foldocht no oan alle feiligenseasken om mei groepen te farren. En dat is ek de bedoeling fan it skip: oer de hiele wrâld farre mei selskippen.
Der is 25 jier oan boud mei somtiden wol 20 man deis, om in sa autentyk mooglike brik te meitsjen. Minister Van der Hoeven sil it skip moandeitejûn dope.