Daily Bread wint Kleine Prijs

02 jun 2008 - 15:29

De band Daily_Bread is de winner wurden fan de Kleine Prijs van Friesland. De talintejacht foar begjinnende bands, de eardere Kleine Prijs van Sneek, hie sneon de finale yn Ljouwert.

Neffens de faksjuery wie de trijemansformaasje Daily_Bread, mei leden út Ljouwert en Emmeloard, de bêste band. De publykspriis gie nei de Spotrockers, út Ljouwert en Grins. Op de finale kamen trijehûndert besikers ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)