Blokkades Nijkerk opheft

02 jun 2008 - 14:21

Protestearjende boeren fan Dutch Dairymen Board DDB hawwe de blokkade fan it molkfabryk yn Nijkerk opheft. Se jouwe dêrmei gehoar oan de útspraak fan de rjochtbank yn Haarlem.

Friesland_Foods sleepte de DDB-boeren foar de rjochter. Troch de blokkades krigen supermerken gjin farske suvelprodukten oanlevere. Op 12 juny wurdt it skeel oer de molkpriis foar de rjochtbank behannele. Friesland_Foods is moandei ek wer begûn mei it leverjen oan de winkels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)