Gjin ljepperij De Westereen

02 jun 2008 - 13:31

Ek dit seizoen sille der gjin wedstriden fan it Frysk_Ljeppers_Boun op de skânsen fan De Westereen hâlden wurde. De akkommodaasje foldocht noch altyd net oan de easken fan it FLB. De wetterdjipte en it sânbêd moatte noch ferbettere wurde.

De wedstriden fan 9 en 10 july gean nei Bûtenpost. Foar de wedstriden fan 2 en 5 augustus wurdt noch socht nei in ferfangende akkommodaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)