Gefaarlik gedrach motorriders
De plysje hat sneintemoarn twa motorriders prosesferbaal jûn foar gefaarlik rydgedrach. It giet om twa manlju fan 21 jier út Heiloo en Nieuw_Vennep.
Tsjûgen seagen hoe´t it duo op de A7 links en rjochts ynhelle en mei it foartsjil omheech kamen. Ek makken se harren skuldich oan bumperkleven. By Drachten koe de plysje de motorriders oan ´e kant sette.