Arjan Stroetinga 2e yn Omloop

Arjan Stroetinga (foto Martin de Jong)
Arjan_Stroetinga fan Aldeberkeap is snein twadde wurden yn de Omloop fan it Ronostrân. Dat is de fjirde wedstriid fan de clubkompetysje. Nei 173 kilometer draaide it yn Roden út op in masasprint. Sander_Aardenburg fan Zaandam wie de rapste. Kor Steenbergen waard tredde. By de earste tsien ek Willem-Sytse_Sipkema fan Akkrum (6e) en Fokke_Postma fan Drachtster_Kompenije (7e).
De Fryske ploegen Otto_Ebbens en De Friesche Leeuw stean by de earste 12.