Mooglike ûntfiering yn Eastrum

Yn 2006 waard hjir in famke ferkrêfte
De plysje docht ûndersyk nei in mooglike ûntfiering fan in famke sneontejûn yn Eastrum. It famke fan in jier of 18 waard om 21.00 oere op de Tichelwei troch twa manlju yn in swarte auto lutsen.
Ien fan de manlju is 30-40 jier en hat donker hier. De plysje hâldt rekken mei in misdriuw, mar slút ek net út dat it giet om in ferbrutsen relaasje of soks yn dy rjochting. In team fan de resjerzje hat sneontejûn spoarûndersyk dien.