Oanriding yn Steggerda

01 jun 2008 - 14:23

De plysje hat sneon in ûndersyk ynsteld nei in oanriding tusken in fytser en in auto op de Westvierdeparten yn Steggerda. Beide rieden yn de rjochting fan Finkegea. De automobilist, in 63-jierrige man út Noardwâlde, helle de fytser yn.

Op it momint dat hy mei de auto de fyts foarbygong wie, seach er dat de fytser nei links stjoerde. Blykber hie dy net sjoen dat der noch in oanhingwein achter de auto siet. In oanriding wie it gefolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)