Wim Stroetinga wint Haren

31 maaie 2008 - 20:57

Wim Stroetinga hat sneontejûn it kritearium fan Haren wûn. De hurdfytser fan Aldeberkeap wie fierwei de rapste fan in kopgroep fan sân man. Dy kopgroep wie al betiid ûntstien en helle it peloton yn.

It waard yn Haren in folslein Frysk poadium. René Hooghiemster fan Oentsjerk waard twadde en Sierd Steigenga fan Eksmoarre tredde. Theo Postma fan Sweagerbosk einige as sechsde en Fries om utens Johan Procee kaam as sânde oer de einstreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)