Earste winst Bart Helmholt

Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)
Bart_Helmholt fan Hurdegaryp hat it fierljeppen op De_Jouwer wûn. Helmholt ljepte 19,05 meter. It wie de earste 19 meter sprong fan dit seizoen en de earste deititel foar Helmholt. Oane_Galama fan It_Heidenskip waard twadde mei 18.58, broer Ysbrand tredde mei 18.38.
By de junioaren pakte Alwin_Vonk fan Burgum syn earste winst mei 17,94. Anna-Jet_Leyenaar fan Snits wie mei in sprong fan 13,91 meter de bêste by de froulju. By de jonges wûn Folkert_Heida.