Ferkearskontrôle op A7

31 maaie 2008 - 13:55
  • Jan Mulder (foto: Erwin Dooren)
  • De dûane wie der ek by

By in ferkearskontrôle op de A7 by Terwispel binne 400 bekeurings útskreaun. De plysje hold 421 auto's oan, wêrûnder 16 frachtauto's. It ferkear moast it parkearterrein De Wâlden opride en waard dêr neisjoen.

De boetes wiene foar technyske mankeminten, papieren dy't net yn oarder wiene en it net beteljen fan wegebelesting. Njonken dy kontrôle waard der ek noch flitst. Fan de 2500 flitste auto's rieden 300 te hurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)