Fan snein ôf busstaking

© Omrop Fryslân
Bussjauffeurs yn hiel Nederlân stake fan snein ôf foar ûnbepaalde tiid. Yn Fryslân litte sjauffeurs fan Arriva yn it súdeasten de bussen stean. Ek de Connexxionbussen yn Ljouwert ride net. Ut Boalsert en De Jouwer wei ride de interliners net. Yn Noard- en Súdwest-Fryslân ride de bussen wol. Dy sjauffeurs falle ûnder in oare cao.
Benammen learlingen yn it middelber beropsûnderwiis wurde de dupe fan 'e stakings. Fan moandei ôf begjinne op it MBO de eksamens.