Tefreden oer ljochtproef

31 maaie 2008 - 10:02

De ynwenners it bûtengebiet by Ketlik, Mildaam en Bontebok kinne it tsjuster dochs wol wurdearje, sa docht bliken út in enkête fan de gemeente Hearrenfean. De gemeente hat yn it gebiet in proef dien mei iepenbiere ferljochting. Foar in part wie it tsjuster en it ljocht kaam fan ljochtbeakens op sinne-enerzjy.

De helte seit no it tsjuster weardefol te finen. De bewenners seine earder dat it tsjuster net feilich wie, net yn it ferkear en net sosjaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)