Keunstner yn wâldhúske

31 maaie 2008 - 09:26

In keunster sil fan woansdei ôf in moanne lang yn in wâldhûske yn Houtigehage wenje. Henry J. Alles giet mei de bewenners fan it doarp yn petear om de skiednis fan Houtigehage en Smellingerlân nei 1945 yn ferhalen wer te jaan. It projekt is ûnderdiel fan it teater- en muzykfestival Simmerdeis. Dat wurdt fan 27 oant en mei 29 juny holden yn Smellingerlân.

Mei it oerlangjen fan de kaai fan it wâldhûske oan Alles, wurdt it festival symboalysk iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)