Brân yn kontener Snits

30 maaie 2008 - 23:20
  • Kontenerbrân (foto´s: Jaring Rispens)

By in brân by Rondaan Transportservice op yndustryterrein De_Hemmen yn Snits is in grutte opslachkontener freedtejûn folslein útbaarnd. Omdat de kontener njonken de wurkromte stie, waard grut alarm slein.

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei it wurkplak. Wol rekke de sydkant fan de loads skansearre troch de baarnende kontener. It fjoer ûntstie om healwei njoggenen hinne. Yn de kontener lei hout, plastik en hydraulyske oalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)