Bulgaar oppakt mei wapens

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed yn Ljouwert in 48-jierrige man út Bulgarije oppakt foar yllegaal wapenbesit. De fertochte waard yn syn auto kontrolearre op it Blokhúsplein.
Doe't er útstapte, seach de plysje dat der 'wurgstokjes' ûnder de foarste stoel leinen. Sokke smoarstokjes binne ferbean. Der waard ek noch in mes fûn yn de auto. De fertochte sit fêst op it buro.