Zorgkwadrant út reade sifers

© Omrop Fryslân
Thússoarchorganisaasje Zorgkwadrant Fryslân Oost is foar it earst yn fjouwer jier út de reade sifers. 2007 waard ôfsletten mei in posityf resultaat fan goed 4 ton.
Oan it begjin fan it jier stie Zorgkwadrant noch goed in miljoen euro yn de min. Om út de reade sifers te kommen, binne der sa'n tsien staffunksjes ferdwûn. De direksje fan Zorgkwadrant wol dit jier 7 ton oerhâlde. Thússoarch De Friese Wouden hat yn 2007 1,3 miljoen oerhâlden.