Gedichterûte op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach komt in gedichterûte yn de eigen taal fan it Waadeilân, it eilanners. It inisjatyf komt fan de kultuerhistoaryske feriening 't Heer en Feer fan Skiermûntseach. Op in kuierrûte oer it eilân komme op stiennen njoggen gedichten te stean. Ek komt der in folder mei de tekst fan de gedichten en de kuierrûte. De feriening 't Heer en Feer wol sa de taal fan Skiermûntseach libben hâlde. It projekt kostet goed 24 tûzen euro.