2,4 miljoen easke fan dealers

30 maaie 2008 - 16:57

Justysje wol fan twa Boalserters mei-inoar 2,4 miljoen euro werom hawwe. Dy eask is freed útsprutsen foar de rjochtbank yn Haarlem. De beide Boalserters binne mei noch seis oaren feroardiele foar drugshannel.

De binde wie belutsen by drugstransporten mei sylboaten fan ûnder oare Marokko nei Nederlân. Fierder wie der ek sprake fan it wytwaskjen fan grutte jildbedragen. Mei-inoar soene de acht fertochten 42 miljoen werombetelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)