Doutzen: Rom Paad foar natoer

De omjouwing fan Eastermar krijt syn histoaryske paden wer werom. De stifting Rom Paad is dwaande om foar fytsers, kuierders en ruters it gebiet tagonkelik te meitsjen. Grutte sponsor fan de stifting is topmodel Doutzen Kroes, dy't fan Eastermar komt.
Freed waard it earste part fan it Stedmapaad offisjeel iepene. Doutzen Kroes beskôget de ynvestearring yn 'e natoer as kompinsaasje foar al dy liters kerosine dy't ferstookt wurde op al har fleanreizen.