Epke 2e op wrâldbeker Moskou

30 maaie 2008 - 14:12

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is freed by de finale fan de wrâldbeker yn Moskou twadde wurden op it ûnderdiel rek. Zonderland hie tongersdei al foarmbehâld toand om syn ticket nei de Olympyske Spelen te fersulverjen. Mei in ridlik ienfâldige oefening kaam hy yn de finale.

Freed die Zonderland in moeiliker oefening. Mei dizze oefening behelle hy 15.250 en waard twadde yn de finale. It twadde plak is in opstekker foar de Lemster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)