Boersma nei amateurs Snits

Age Hains Boersma
Age Hains Boersma giet net fierder yn it betelle fuotbal. De 26-jierrige oanfaller hat syn kontrakt ynlevere by earste divyzjeklub Veendam. Boersma seit dat er by Veendam de nocht oan it fuotbaljen wat kwytrekke is.
Boersma wol fierder mei syn maatskiplike karriêre. Earder spile Boersma by Sportklub Hearrenfean. Hy hâldt net op fan fuotbaljen mar giet werom nei de klub dêr't hy weikomt, de sneinshaadklasser Snits.