De Jouwer: gjin Dirk v.d.Broek

30 maaie 2008 - 12:35

Der mei gjin Dirk van de Broek supermerk oan de E.A Borgerstrjitte op De Jouwer komme. Dat hat de Raad van State besletten. De ferkearssituaasje lit in ekstra supermerk net ta.

Frachtauto's dy't lade en losse moatte, soene it ferkear ophâlde en der soe ek te min parkearplak wêze. De Jouster winkeliersferiening is bliid mei de útspraak en wol no mei de gemeente neitinke oer in bettere bestimming fan it leechsteande winkelpân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)