Justysje:drugsdealers útklaaie

© Omrop Fryslân
Justysje wol miljoenen euro's werom ha fan in groep fan acht minsken dy't feroardiele binne foar drugshannel. Dêr binne ek twa ynwenners fan Boalsert by. Se wiene belutsen by drugstransporten mei sylboaten, fan ûnder oare Marokko nei Nederlân.
Fierder giet it ek om it wytwaskjen fan in soad jild. Mei-inoar soene de acht fertochten 42 miljoen euro werombetelje moatte, fynt justysje. De rjochtsaak dêroer tsjinnet freed yn Haarlim.