Ungelokregistraasje probleem

29 maaie 2008 - 20:35

It nije registraasjesysteem foar ûngemakken op de dyk soe yn de takomst wol ris foar grutte problemen soargje kinne. Dat seit it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens. Yn it nije systeem wurdt de plysje allinnich ynskeakele by swierdere ûngemakken. Lytsere botsingen moatte dan oplost wurde mei allinnich de fersekering.

As der dan letter noch mear skealike gefolgen binne, is der gjin plysjerapport om op werom te fallen as bewiismateriaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)