Fly-by Ljouwerter F16

In F16 fan fleanbasis Ljouwert
In F16 fan de fleanbasis Ljouwert sil sneon en snein in saneamde Fly-by fersoargje by de iepen dagen fan de keninklike Lânmacht yn Oirschot. Dat kin mooglik foar oerlêst soargje foar de omwenjenden. De F16 sil twa kear deis opstige en op 'e grûn delkomme op de fleanbasis. Ien kear moarns tusken njoggen en alve oere en ien kear tusken healwei twaen en healwei fjouweren middeis.
It waar kin der noch wol foar soargje dat de tiden oars wurde.