Ynternasjonaal boereprotest

29 maaie 2008 - 18:07

Dútske en Nederlânske boeren sille freed aksje fiere oan de Dútske grins yn Gelderlân foar in bettere molkpriis. Neffens de boeren rinne se tsjin deselde problemen oan troch de Europeeske regels. Sa wurdt troch Europa bepaald hoefolle molke der produseard wurde mei oan de hân fan kwota. Mar Europa ferrommet dy kwota neffens de boeren te maklik as de priis omheech giet.

Dan keldert de priis en fertsjinje de boeren wer minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)